Man mishannelet frou yn Kollum

© Omrop Fryslân
De plysje hat fannacht op de Lutkepost yn Bûtenpost in man oanhâlden op fertinking fan fernieling en mishanneling. De 26-jierrige ynwenner fan Kollummersweach hie in 18-jierrige frou treaun. Dat gebeurde yn in wenning yn de Tjerk Hiddestrjitte yn Kollum. Se foel tsjin it rút en rekke licht ferwûne oan har rêch. Ek it rút rekke beskeadige.
By de oanhâlding fan de man die bliken dat hy ek noch in jildboete iepen stean hie. Hy is nei it plysjeburo brocht. Tsjin him is proses-ferbaal opmakke.