Frou ferwûne by oanriding

08 sep 2014 - 10:22

Meardere auto's binne moandeitemoarn om healwei njoggenen mei-inoar yn botsing kaam op de Borniastrjitte yn Ljouwert. Dêrby rekke in frou ferwûne. Se is nei it sikehûs brocht. Wat har ferwûnings krekt binne is net bekend.

Oer de oarsaak fan de oanriding koe de plysje noch neat sizze.

(advertinsje)
(advertinsje)