Plysje hellet hoanne fan A32
De plysje fan It Hearrenfean hat moandeitemoarn in hoanne fan de sneldyk ôfhelle. It bist rûn op de A32. Op twitter hat de plysje in foto fan it bist pleatst.
De hoanne hat yntusken ûnderdak krigen op it Nordwin kolleezje en makket it goed. De eigener kin kontakt opnimme mei de plysje.