Boargemaster Crone lêst foar

Op ferskate plakken yn Fryslân is moandei úteinset mei de 'week van de alfabetisering'. Yn Ljouwert waard de ôftraap dien troch boargemaster Crone fan Ljouwert. Hy lies bern fan de Prins Constantijnskoalle foar út it boek 'De avonturen van koning Kwak - De Vermissing', skreaun troch Christopher Morgan. Dat is ek de inisjatyfnimmer fan de foarlêskaravaan. Doel is om by bern de wille yn it lêzen te stimulearjen.
Foarlêze is belangryk foar de ûntwikkeling fan bern. It tema fan de wike fan de alfabetisearring is "tijd voor taal".
As de earste foarlêskaravaan yn Ljouwert in súkses wurdt, wolle de inisjatyfnimmers dit it kommend jier troch de hiele provinsje organisearje.