Mountainbike troch in kowestâl

07 sep 2014 - 17:08

In wol hiel bysûndere alvestêdetocht is fan it wykein fytst. Sa'n 180 moantainbikers hawwe fan freed oant en mei snein it MTB maratonparkoers fan 440 kilometer fytst troch greiden, fjilden en sels troch twa kowestâlen.

It is de tredde edysje fan it sportevenemint dat troch Fokko Hoeksma betocht is. Idee efter de tocht is om safolle mooglik op ûnferhurde diken, paden en fjilden te riden. Dêrfoar moast lykwols al tastimming frege wurde oan 200 lâneigeners oft it peloton ek by harren oer it lân hinne mocht.

De winst gong úteinlik nei Stefan Vreugdenhil en Martin Schuttert. Yn fiif tiidritten ferdield oer de trije daagse tocht, wie dit duo it bêste. Der mochten net mear as 250 minsken meidwaan om foar te kommen dat it lân skansearre rekke en boeren dêrom yn de takomst net mear meiwurkje wolle oan de tocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)