Mûzepleach yn Súdwesthoeke

07 sep 2014 - 14:34

Boeren yn grutte parten fan de Súdwesthoeke hawwe te krijen mei slimme oerlêst fan mûzen. En dat liedt ta grutte skea foar de boeren, dat seit wurdfierder Romke Schaap fan LTO Noord.

It giet rûchwei om lân by Koufurderrige en Wâldsein oant en mei De Lemmer, mar der binne lûden dat it op mear plakken hiel min is. Tsien jier lyn wie it dêr ek al raak. Mûzen frette de woartels fan it gers en grave gongen, dêrtroch komt der folle minder gers fan it lân.

Boppedat wurdt it lân sa fernield dat it op 'e nij skuorre en ynsiedde wurde moat. Dat mei noch oant en mei 15 septimber en dêrnei mei dat net mear. De troffen boeren wolle dêrom graach mear tiid krije foar it siedzjen, want it hat gjin doel om mei it lân oan 'e gong te gean as de mûzepleach noch net oer is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)