Nije cd Du Jardin: Alpefries

07 sep 2014 - 13:56

Muzikant Rob du Jardin presintearret ynkoarten syn nije cd. It album hjit 'Alpefries' en wurdt op 23 novimber yn muzyksintrum De Rinkelbom op It Hearrenfean presintearre. Dêr sil de fan orizjine Switserske Du Jardin ek optrede mei oare Fryske muzikanten lykas Anneke Douma, Grytsje Kingma en Wiebe Kaspers.

Du Jardin wûn op it Frysk sjongfestival 'Liet' yn 2009 de herten fan in soad Friezen. Hy wûn doe mei syn ferske 'Dit is myn heitelân' de publykspriis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)