4700 euro op earste suteldei

De sutelaksje yn Warten en Menaam fan sneon hat hast 4700 euro opsmiten. De nije stifting Tsjil giet op alle sneonen yn septimber yn tolve doarpen mei kroaden fol Fryske boeken by de doarren del. De stifting wol de ferkeap fan de boeken sa in nije ympuls jaan. Ferienings dy't meihelpe by it suteljen, meie 20 persint fan de opbringst hâlde foar de eigen klup. Benammen de boeken fan Hylke Speerstra, Hilda Talsma en Ferdinand de Jong ferkochten sneon goed. Nije wike wurdt der sutele yn Feanwâlden en Kimswert.