Hurdfytser ferwûne yn Winsum

07 sep 2014 - 10:48

In frou fan 31 jier út Harns is sneontemiddei ferwûne rekke yn Winsum. Se die mei oan de triatlon en fytste oer de Hegeterp yn Winsum. Doe't se ôfslaan woe nei de Pier Winsemiusleane, gie se yn de bocht ûnderút. Se hie meardere ferwûnings en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)