Harkemase Boys 2-1 ferlies

Harkemase Boys is de kompetysje sneon útein set mei in 2-1 ferlies tsjin Excelsior '31. Op eigen fjild hienen de Harkiten it gelok nei in kertier spyljen oan harren kant, doe't de bal fan de gasten út Rijssen hurd op de latte sketten waard. Arton Musliu sette de Harkiten yn de 28e minút op foarsprong nei in moaie foarset fan Johnsen Bacuna.
Nei rêst kaam Excelsior troch balferlies fan Harkemase Boys op likense hichte. Mei noch fiif minuten te gean naam Excelsior de lieding oer. In slotoffensyf fan de Harkiten smiet lykwols neat mear op.