Earste punten foar Feanfroulju

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe freed de earste punten fan it seizoen pakt troch mei 2-0 te winnen fan Oud Heverlee. Yn it Belgyske Leuven makke de ploech fan trainster Jessica Torny it ferskil pas yn de twadde helte. Nei rêst wie it Yvonne Ploeg dy't de skoare foar de Feanfroulju iepene. Yn de einfaze makke Maly Breed der 2-0 fan en wienen de earste punten in feit.
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ferlearen ferline wike de earste wedstriid mei 7-1 fan Standard Luik. Earder dizze wike wie ADO Den Haach mei 3-0 te sterk.