Iepenloft oer grinskonflikt

De iepening fan in histoarysk stikje Skâns út de 80-jierrige oarloch by Fryske Peallen is de reden foar it opfieren fan it Iepenloftspul 'Operatie Grensland'. Dat bart by de grinspeal yn de Skâns troch akteurs fan de teaterselskippen BUOG út Ljouwert en Peerd fan Grins.
It regear yn Den Haach wol dat beide provinsjes fusearje en dat rint út de hân. De premjêre is op 18 septimber. Der wurkje sa'n 40 frijwilligers oan it stik mei en der wurde in pear tûzend besikers ferwachte.