Manlju pakt foar mishanneling

06 sep 2014 - 11:39

In 16-jierrige jonge út Wolvegea is freedtejûn op de Pastoriestrjitte mishannele nei in rûzje. In man fan 26 jier út Aldeholtpea is oanholden as fertochte. Wêrom't de twa spul hienen is net bekend.

In 22-jierrige Ljouwerter is yn deselde nacht ek oppakt foar mishanneling. De fertochte wurke net mei by syn arrestaasje en skopte ien fan de plysjeminksen. Dy wienen oproppen om't de Ljouwerter in 20-jierrige man mishannele hie yn de Alde Doelesteech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)