Stienzer mei GHB oppakt

06 sep 2014 - 11:26
GHB

In 31-jierrige frou út Stiens is freedtejûn oppakt mei GHB, weed en heroïne. De frou waard betrape by in kontrôle oan it Wylgebeampaad. Nei de arrestaasje is ûndersyk dien yn de wenning fan de frou, oan de Ekers. Dêr binne grûnstoffen oantroffen foar de produksje fan GHB.

(advertinsje)
(advertinsje)