Marrekrite wol boatsjes folgje

05 sep 2014 - 17:01

De Marrekrite wol witte hoefolle boatsjes gebrûk meitsje fan de oanlisplakken yn Fryslân. Dêrfoar wurdt it saneamde Track and Trace-systeem brûkt. Boaten wurde troch satelliten folge. Doel is om út te finen fan hokker plakken in soad of amper gebrûk makke wurdt.

Mei it ûndersyk wol de Marrekrite op termyn jild besparje. Alle jierren wurde der miljoenen euro's ynvestearre yn de bou en ûnderhâld fan steigers. De Marrekrite sil prate mei boateferhierders om boaten út te rusten mei in stjoerder. Ek partikulieren kinne har opjaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)