Klinyk foar traumaferwurking

GGZ Fryslân © Omrop Fryslân, Jaap Elzes
Slachtoffers fan seksueel misbrûk en minsken mei posttraumatyske stress krije tenei in bettere behanneling by GGZ Fryslân. De pasjinten kinne telâne yn de nije traumaferwurkingsklinyk. Hjir krije sy in folle koartere behanneling. It trajekt is dan lykwols wol in stik yntinsiver.
It is foar it earst dat sa'n soart klinyk foar dizze pasjintegroep yn Nederlân iepene wurdt. Yn Dútslân wurdt al langer ynset op in koartere en yntinsivere behanneling fan minsken mei posttraumatyske stress. Troch de koartere doer is de behanneling ek goedkeaper.