Earste sânhotel stiet yn Snits

In nachtsje sliepe yn in sânkastiel. It klinkt as in dream. Mar freedtemoarn waarden de earste gasten wekker yn it earste sânhotel fan de wrâld, dat yn Snits stiet. It hotel hat mar ien keamer. Fan tongersdei op freed ha der foar it earst gasten yn sliept. Gasten hoege net benaud te wêzen dat de boel ynstoart. Der is op in spesjale manier wurke oan it hotel, sadat it plafon net nei ûnderen komt.
It sânhotel is allinnich yn septimber iepen. Dêrnei wurdt alles wer opromme.