Trekker útbaarnd yn Wier

05 sep 2014 - 16:02

In trekker is freedtemiddei by de radarbol fan de loftmacht yn Wier yn flammen opgien. Om in oere as twa hinne waard it fjoer ûndutsen. De brânwacht waard oproppen, mar hie muoite om de trekker te berikken om't se fêst kamen te sitten yn it lân. In boer hat mei in oare trekker de brânwachtauto fierder sleept oant healwei it stik greide. Hjir rôle de brânwacht de dikke brânslangen út en hienen se it fjoer rap út.

De radarbol yn Wier scant it loftrom om te sjen nei de fleanbewegings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)