30 boetes ferkearskontrôle A7

© Gerwin de Vries, De Vries Media
By in grutte ferkearskontrôle op de A7 by Mearum binne tongersdei 30 bestjoerders bekeurd. De kontrôle waard holden by tankstasjon Mienscheer yn de rjochting fan Drachten nei Grins. Goed 800 bestjoerders waarden kontrolearre fia it nûmerboerd om te sjen oft se noch in belestingskuld of iepensteande boetes hienen. De belestingtsjinst naam 5 auto's yn beslach.
Frachtweinsjauffeurs wienen ûnder oare yn oertrêding mei it gebrûk fan de tachograaf. Ek moasten alle bestjoerders in blaastest dwaan. Der wienen 4 minsken dy't tefolle dronken hienen.
By de snelheidskontrôle waarden nochris fjouwer bestjoerders op de bon slingere.
Oan de kontrôle wurken sa'n 60 meiwurkers mei fan de plysje, dûane, Inspectie Leefomgeving en Transport, de belestingtsjinst en de RDW. De kontrôle begûn om seis oere jûns en duorre oant ien oere yn de nacht.