Pratende ôffalbakken yn Stiens

Stiens krijt pratende ôffalbakken. De ôffalbakken sille op de bradery sneon yntrodusearre wurde. Wannear't minsken rommel yn de jiske-amer smite, wurde se betanke. Op dizze ludike wize wol inisjatyfnimmer Samen Fryslân Schoon minsken bewust meitsje fan harren eigen ferantwurdlikheid foar in skjinne leefomjouwing.
Neist Stiens komme de pratende ôffalbakken ek te stean by it iepenlofspul yn Jorwert en op eveneminten yn Frjentsjerteradiel en Harns.