Fûgels soargje foar oerlêst

Mear as tûzen fûgels soargje foar oerlêst yn Park Heremastate op De Jouwer. Benammen fan jannewaris oant en mei juny hawwe omwenners lêst fan de groep roeken, krieën en kaen. Ek by restaurant De Oranjerie en de passantehaven fan De Jouwer soargje de bisten foar oerlêst.
De belutsen partijen binne no op 'e nij nei de gemeente De Fryske Marren stapt. Dat barde yn 2011 ek al. Doe krige de gemeente in ûntheffing om it probleem oan te pakken. Dêr is allinne neat mei dien. Moandei sil de gemeenteried oer de fûgeloerlêst fergaderje.