Ljouwerter winkeldief oppakt

05 sep 2014 - 09:57
Supermerk

In 20-jierrige man út Ljouwert is tongersdeitemiddei oanholden foar stellerij út in winkel. De man naam bier en fleis mei út in supermerk oan it Hoeksterpaad sûnder te beteljen. De winkeldief waard troch meiwurkers fan de winkel trapearre en oerdroegen oan de plysje. De Ljouwerter is op it buro heard.

(advertinsje)
(advertinsje)