Drachten dekôr Cycle for Hope

05 sep 2014 - 07:15

It Fries Congrescentrum yn Drachten is freedtemoarn it wikselpunt foar sa'n trijehûndert fytsers fan de Cycle for Hope. Yn estafettefoarm fytse de dielnimmers oan dizze tocht sa'n 1200 kilometer yn twa dagen. De tocht komt troch hast alle provinsjes.

Cycle for Hope is in sponsortocht foar Stichting De Hoop. Dizze organisaasje helpt dakleazen, ferslaafden, eks-prostituees en kwetsbere bern en jongerein. It is de bedoeling dat de fytstocht in heal miljoen euro opbringt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)