Opliedings wurkje mear gear

05 sep 2014 - 06:20

It Friesland College en it Alfa College út Grins sille yntinsiver gearwurkje. Nije wike ûndertekenje beide ynstellings foar middelber beropsûnderwiis in konvenant, wêryn't se ôfprate om ûnderling kennis te dielen. Ek wurde de spesjalisaasjefakken foar de sportopliedings better op inoar ôfstimd.

Studinten dy't har spesjalisearje wolle yn bygelyks wettersport of reedride, kieze foar Fryslân. Foar sporten as judo en wintersport geane studinten tenei nei Grins. De gearwurking hat as doel om sport yn it Noarden te stimulearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)