Nij CAO-foarstel Douwe Egberts

04 sep 2014 - 21:15

De fakbûnen CNV Vakmensen en FNV Bondgenoten hawwe tongersdei in CAO-foarstel berikt foar de goed 2000 meiwurkers fan kofje- en teefabryk Douwe Egberts. Yn de nije CAO stiet ûnder oare dat it lean fan 1 augustus ôf mei 2% omheech giet. Fan 1 augustus takom jier sil dat 1,75% wêze.

Mei âldere wurknimmers dy't fulltime wurkje is ôfsprutsen dat sy in dei minder wurkje kinne, mei behâld fan 90% fan it salaris en in folsleine pensjoenopbou. De foarstelde feroaring yn it opnimmen fan de adv-dagen is hielendal fan tafel.

De leden moatte noch ynstimme mei it foarstel. Yn july wiisden de fakbûnsleden it eardere plan foar de nije CAO fan Douwe Egberts ôf. Se wienen it net iens mei de leansferheging en de feroaring yn it opnimmen fan de adv-dagen. Op De Jouwer wurkje sa'n 450 minsken by Douwe Egberts.

Trefwurden: 
CAO De Jouwer Douwe Egberts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)