'Gemeente kin soarchtaken oan'

04 sep 2014 - 16:35

Lanlike politisy moatte net langer twifelje oft it wol goed komt mei it oerjaan fan soarchtaken fan Ryk nei gemeenten op 1 jannewaris 2015. De polityk kin him better ynsette om de besunigings dy't dêroan fêstsitte fan tafel te krijen. Dat seit Sjoerd Tolsma fan de feriening fan Fryske gemeenten, de VFG.

Tolsma reagearret op útspraken fan Roger van Boxtel, de foarsitter fan D66 yn de Earste Keamer en topman fan soarchfersekingsmaatskippij Menzis. Dy seit dat de oerheveling fan de soarchtaken better in jier útsteld wurde kin.

Neffens Van Boxtel binne in soad gemeenten hjir lang net klear foar. Tolsma hat skjin syn nocht fan lanlike politisy dy't de minsken dy't soarch nedich hawwe hieltyd mar wer benaud meitsje oer it mislearjen fan de hiele operaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)