Minsken dûse te lang

04 sep 2014 - 15:58

It ferbrûk fan waarm wetter yn Nederlân moat omleech. Om de minsken derfan bewust te meitsjen, is it tongersdei Nasjonale WetterBespardei. Minsken moatte minder lang ûnder de dûs stean. Yn trochsneed dûse Nederlanners njoggen minuten. As dat fiif minuten wurdt, wurdt neist de kosten ek it enerzjyferbrûk minder. Meinammen de groep tusken de 25- en 34 jier dûst te lang.

In soad studinten stean ek te lang ûnder de sproeier. Faak hawwe se gjin besef fan wat minder lang dûse opsmite kin. Dat jildt ek foar studint Joukje de Jong. Mar as se tinkt oan it wetterferbrûk is it hast alwer te let: "Dan tink ik: Ik stean hjir ek wol lekker waarm en dan stean ik alwer te lang ûnder de dûs."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)