Soad briedende fjildûlen

04 sep 2014 - 12:55

De tige seldsume fjildûle hat dit jier yn sokke grutte oantallen yn Fryslân bret dat fûgelsaakkundigen it mar kwalik leauwe kinne. Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek komt tongersdei mei sifers dêr't út bliken docht dat der op syn minst 40 briedgefallen west hawwe op it Fryske fêste lân. En dat is al twa kear safolle as ornaris yn hiel Nederlân briede.

Fan dy Nederlânske briedgefallen sieten oars de measten op de Waadeilannen.

Trefwurden: 
briede SOVON ûle fjildûle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)