Gerkeskleaster makket tsiis

04 sep 2014 - 12:43

In hichtepunt tongersdei foar de meiwurkers fan FrieslandCampina yn it fabryk fan Gerkeskleaster. Nei wiken fan himmeljen en opromjen sette tongersdei de produksje wer tsiis en molkpoeier wer útein. Mear as in moanne lyn lei in grutte brân it tsiisfabryk plat. Lokaasjedirekteur Derrien Jansen is goed te sprekken oer de grutte ynset fan de meiwurkers om it wer safier te krijen.

It fabryk draait noch net op folle krêft, mar oan de ein fan it jier moat alles krekt as foar de brân draaie, seit wurdfierder Van Dongen fan de suvelkoöperaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)