Omrop-iisamer: 5500 euro

De Ice Bucket Challenge © Omrop Fryslân, Afke Meekma
De folsleine opbringst fan de Omrop Fryslân Ice Bucket Challenge is útkaam op mear as 5500 euro. Twa wike lyn dienen tsientallen minsken mei oan de iiswetter-aksje dy't de Omrop organisearre hie. Dat smiet doe fuortendaliks al 4600 euro op.
De lêste wiken is yn radioprogramma Noardewyn nochris tûzen euro ophelle. It jild is tongersdei oermakke op de bankrekken fan de stifting ALS Friesland.