Krappe begrutting DFM

04 sep 2014 - 12:08

De gemeente De Fryske Marren hat de kommende jierren net folle romte foar nije ynvestearrings. Dat docht bliken út de begrutting. De gemeente sit noch midden yn in grutte besuniging fan 13,5 miljoen euro. Boppedat stiet De Fryske Marren ûnder tafersjoch fan de provinsje. Dat betsjut dat alle útjeften goedkard wurde moatte troch de provinsje.

Ek krijt de gemeente minder jild fan it Ryk, wylst der mear soarchtaken nei de gemeenten ta komme. Yn oktober praat de gemeenteried oer de begrutting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)