Fleantúch dwers troch Ljouwert

Der waard woansdeitejûn in jachtfleantúch troch de strjitten fan Ljouwert riden. It gie om de Gloster Meteor dy't by de poarte fan de fleanbasis stiet. It tastel moat op 'e nij spuite wurde en wurdt dêrfoar nei in spuiterij yn Jirnsum brocht. De maresjesee hie diken ôfsluten om it transport frij baan te jaan. Op de Lorentzkade waard it tastel troch in hyskraan op in ponton set.
Oanslutend wurdt it fleantúch oer it wetter nei Jirnsum brocht. Fan dit tastel is der noch mar ien oar eksimplaar op de wrâld. Dat stiet yn in museum.