Plysje siket bedriger
De plysje hat bewakingsfoto's online set fan in man dy't meiwurkers fan de Jumbo Supermerk oan de Van Loonstrjitte yn Ljouwert bedrige hat. De man die dit nei alle gedachten mei in buske pepperspray. Dit barde op 13 maart 2014.
It personiel fertocht de man dêrfan dat hy wat út de winkel stelle woe. De meiwurkers sprutsen him dêrom oan. De fertochte woe net meiwurkje en bedrige it duo.