64e Allegoaryske optocht

Foar de 64ste kear fynt tongersdei yn Sint-Nyk de allegoarykse optocht plak. De ridende pronkstikken binne boud troch de ferskate buerten en skoallen. It giet hjir om ien fan de grutste praalweineveneminten fan Noard-Nederlân.
In sjuery beoardielet alle weinen op ûnder oare foarmjouwing, kleurgebrûk, ferljochting en figuraasje. Mei-inoar dogge der trettjin grutte praalweinen en alve lytse praalweinen mei oan de allegoaryske optocht fan Sint-Nyk mei.