Dochs koade wynparkbouwers

04 sep 2014 - 06:23

De gedrachskoade foar bouwers fan wynparken is woansdei sûnder wizigings ûndertekene. En dat wylst der ferline wike in soad ophef ûntstie oer de lege finansjele kompensaasje foar omwenners fan takomstige wynparken. Neffens de omwenners stie de lege fergoeding net yn ferhâlding ta bygelyks de priisdelgong fan harren huzen.

Nettsjinsteande dy krityk hawwe de Nederlandse Wind Energie Associatie en tal fan miljeuklups de gedrachskoade dochs ûndertekene. Dizze koade moat soargje foar in grutter draachflak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)