Hearrenfeanfamkes by seleksje

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Bûnscoach André Koolhof fan it frouljusfuotbalteam 'Oranje ûnder de 19' hat fjouwer spylsters fan SC Hearrenfean seleketearre foar de definitive seleksje foar de EK kwalifikaasjewedstriden. Ek op de reservelist stiet noch in spylster fan Hearrenfean. Oranje ûnder de 19 moat op sneon 13 septimber spylje tsjin Faeröer. Yn de wike dêrnei binne ek Letlân en Servië tsjinstanners fan de Oranje famkes. It Europees kampioenskip foar froulju ûnder de 19 is yn 2015 yn Israel.