Anty-terreur oefening Ljouwert

03 sep 2014 - 15:55

De fleanbasis Ljouwert wurdt fan moandei ôf brûkt foar in ynternasjonale anty-terreur oefening mei helikopters. It materiaal en personiel út ferskate lannen wurdt mei transporttastellen ferfierd foar de oefening. De earste militêre tastellen komme tongersdei en freed oan yn Ljouwert. Fan dêrút wurde ferskate oefeningen hâlden op lokaasjes yn Noard-Nederlân, lykas de Flyhors op Flylân.

De kommende perioade sille de tastellen, dy't meidogge oan de oefeningen, ek yn Ljouwert tanke. Der wurdt oerdeis en jûns oant 23 oere flein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)