'Teloarsteld oer sâltwinning'

Der is gjin politike mearderheid yn de Twadde Keamer dy't it beslút keare kin om de sâltwinning ûnder it Waad ta te stean. Dat seit PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi. Frisia Sâlt yn Harns krijt tastimming fan steatssekretaris Sharon Dijksma fan Ekonomyske Saken om sâlt te winnen ûnder it westlik part fan de Waadsee.
Op oantrunen fan ûnder oare Jacobi hat noch wol ekstra ûndersyk west, mar dat gjin arguminten opsmiten om de fergunning te wegerjen. Neffens Jacobi komt dat trochdat de mynbouwet tefolle romte jout foar sokke aktiviteiten.
Lutz Jacobi is, lykas natuerorganisaasjes, teloarsteld oer it beslút. De natuerorganisaasjes stappe nei de rjochter om't se fine dat it ûndersyk te beheind west hat.