Frankeskoalle fiert jubileum

De 'gearwurkingsskoalle' Master Frankeskoalle yn Earnewâld bestiet 25 jier. Doe't de skoalle yn 1989 in gearwurkingsskoalle waard, wie dat lanlik nijs. De skoalle yn Earnewâld moast apart opnaam wurde yn de wet Basis Onderwijs, om't der doe noch gjin regeling wie foar skoallen dêr't sawol kristlik as iepenbier ûnderwiis jûn waard.
Wat doe hiel bysûnder wie, wurdt tsjintwurdich as mooglikheid sjoen om plattelânsûnderwiis yn stân te hâlden. It jubileum wurdt takom wike freed fierd.