Meartalich ûnderwiis Liudger

03 sep 2014 - 14:03

It CSG Liudger út Waskemar wurdt de earste skoalle yn de regio De Stellingwerven, dy't meartalich fuortset ûnderwiis oanbiedt. Yn it earste proefjier krije allinnich de earste en twadde klassen fan havo/vwo de meartalige lessen. De earsteklassers krije it fak godstsjinst yn it Ingelsk en it fak muzyk yn it Frysk. De twaddeklassers krije allinnich it fak godtsjinst yn it Ingelsk.

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf jout, nije wike woansdei, mei trije leerlingen fan it CSG Liudger út Waskemar it startsein foar it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)