Fryske muzyk yn Eastenryk 3

Fan 1 oant 5 septimber folget Omrop Fryslân in bus fol echte Fryske muzykfans. De 40 âldere jongeren reizgje yn it televyzjeprogramma 'Fryske muzyk yn Eastenryk' achter harren idoalen oan nei Westendorf yn Eastenryk foar optredens fan Griet Wiersma, Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Piter Wilkens, Jaap Louwes en Doede Veeman. Woansdei op Omrop Fryslân TV it tredde diel.
Arnold Glas is een sels ferklearre medium. Hy is tegearre mei syn frou Sita no al foar de fyftjinde kear yn Eastenryk, mar dat wist Arnold fansels al lang. Arnold sjocht dus alles net ien, net twa, mar somtiden wol foar de fyftjinde kear en ek noch fan tefoaren. It entûsjasme fan Arnold is dan ek net al te grut en hy liket de 'belichaming' fan in typyske Ljouwerter. By de trip nei it museum fan Swarovski nimt Arnold Mient en Mient op sleeptou. Mei passy fertelt er se alles oer Swarovski.
Ek Piter Wilkens is mei nei Swarovski-museum. Piter is net echt fan de 'bling-bling', mar sjocht him dochs de eagen út. Ek fertelt hy iepen oer syn nije album.
Sjoch hjir no al it tredde diel fan 'Fryske muzyk yn Eastenryk'.