Selsmakke auto yn flammen op

In selsmakke sportauto is tiisdei yn flammen opgien. Dat barde oan 'e ein fan de middei op de Rûnwei by Feanwâlden. De bestjoerder, in man út Damwâld, murk dat de auto begûn te skokken en seach krekt dêrnei reek. Hy sette de auto fuort oan de kant en soe in brânblusser pakke, mar dat hie al gjin sin mear. De bysûndere auto baarnde yn in pear minuten folslein út.
De Damwâldster hie de auto hielendal sels boud op de basis fan in Dutton Car út Ingelân. Al mei al hie er der acht jier oan wurke.
De saneamde Dutton kit cars waarden tusken 1970 en 1989 makke yn it Ingelske Sussex.
De brânwacht fan De Westereen hat it fjoer útmakke. Hoe grut de skea krekt is, is noch net bekend. Der rekke net ien ferwûne. In berger hat it wrak fuortsleept. De oarsaak fan de brân is mooglik koartsluting.