Petear mei Sint-Nykster jeugd

Boargemaster Arie Aalberts fan De Fryske Marren wol prate mei de 200 jongeren fan Sint-Nyk. It giet om jongeren tusken de 13 en 16 jier âld. Oanlieding is it ynsidint fan in tal wiken lyn doe't in frou út it doarp mei in auto twa jonges oanried. Ien jonge rekke slim ferwûne.
De boargemaster wol witte watfoar yndruk dit op de jongerein makke hat. Ek wol er prate oer it narjen fan minsken en hûnen yn it doarp. De frou soe op de groep ynriden wêze om't jongeren har hûn narren. Doarpsbelang stipet de oprop fan Aalberts.
It is noch net bekend wannear't it petear wêze sil.