Opknapbeurt foar Martenastate

Op Martenastate yn Koarnjum wurdt op dit stuit hurd wurke oan in opknapbeurt fan de state. Dêrby giet it neist restauraasjewurksumheden ek om it wer yn oarder meitsjen fan in tal histoaryske aspekten. It parkearterrein is yntusken klear en oan it fruithôf wurdt wurke. Woansdei wurdt yn it ramt dêrfan in 'berceau' oanlein, dat is in kuierpaad ûnder in bôge fan hagen.
De kommende tiid wurde de grêften baggere en moatte de wâlskanten oanpakt wurde. As de opknapbeurt klear is, kin Martenastate wer tsientallen jierren foarút.