Durk Dam hâldt der mei op

03 sep 2014 - 06:18

Durk Dam hâldt nei mear as 40 jier op mei syn bestjoerswurk yn de muzyk. Op dit stuit is Dam foarsittter fan de OMF, de organisaasje fan muzykferienings yn Fryslân. Dizze organisaasje is yn 2011 ûntstien, earder wiene der twa muzykbûnen yn ús provinsje, Dam wie foarsitter fan it Kristlike Bûn fan Muzykferienings. Hy is no 74 jier en fynt it tiid om syn taken oer te dragen oan in opfolger.

By de algemiene ledegearkomste fan de OMF op 7 maart 2015 wurdt der ôfskied naam fan Durk Dam. Der is noch gjin kandidaat bekend dy't him opfolgje sil.

Trefwurden: 
OMF Durk Dam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)