Miljoenen nei wenningbou Snits

02 sep 2014 - 20:54

Wenningkorporaasje Elkien sil nei fúzje mei De Wieren yn Snits miljoenen ynvestearje yn projekten dy't de ôfrûne jierren net fan de grûn kaam binne. It giet ûnder oare om wykferbetteringsprojekten yn de wenwiken Noarderhoek en It Eilân. Ek sil in grut tal besteande hierwenningen fan De Wieren flink opknapt wurde.

Al dizze plannen soenen de ôfrûne jierren troch De Wieren útfierd wurde, mar dêr hie de lytse ferhierder gjin kapitaal foar. De gemeente Súdwest-Fryslân is bliid mei de fúzje en hopet dat Elkien gau mei de projekten útein set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)