Man falt famkes lêstich

© Omrop Fryslân
In noch ûnbekende man hat tiisdeitemiddei yn Boalsert trije famkes yn de leeftiid fan sân oant njoggen jier lêstich fallen. De man siet oan de Eekwerd en de Altenburch yn syn auto en liet syn spultsje sjen oan de bern.
It giet om in blanke man mei in sinnebril op yn in blauwe auto. In dúdliker sinjalemint hat de plysje noch net. De famkes moatte noch heard wurde.