'Ryksplannen min foar Noarden'

02 sep 2014 - 20:24

'Prinsjesdag' hat oer twa wike net folle goeds yn petto foar it Noarden. Dat seit kommissaris fan de Kening Jacques Tichelaar fan Drinte. Neffens him is it Ryk dwaande mei it ûntwikkeljen fan nij belied foar it stypjen fan de Rânestêd en Brabân as ekonomyske motor fan Nederlân. Dat nije belied is in reaksje op it mislearjen fan de fúzje fan de provinsjes Noard-Hollân, Utrecht en Flevolân.

Fryslân, Grinslân en Drinte komme yn it nije ferhaal net foar. De noardlike provinsjes moatte der dêrom goed om tinke dat se yn byld bliuwe by it Ryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)