Earste .frl webside is online

02 sep 2014 - 18:38

De allerearste Fryske domeinnamme is online. It giet om www.nic.frl dêr't gadingmakkers har opjaan kinne as se in webside mei .frl efter de namme ha wolle. Der is earst romte foar 100 pioniers dy't noch dit jier gebrûk meitsje kinne fan de .frl webside.

Oer in healjier moat alles goed rinne en kin eltsenien mei in .frl ekstinsje it ynternet op. De kosten wurde rûsd op 30 oant 50 euro per jier. De ferwachting is dat der 100.000 .frl domeinnammen yn gebrûk naam wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)