Fúzje NHL en Stenden yn 2016

02 sep 2014 - 15:44

Hegeskoalle Stenden University en buorman NHL stribje dernei om de fúzje fan de twa hegeskoallen op 1 septimber 2016 yngean te litten. Dat makke bestjoersfoarsitter Leendert Klaassen fan Stenden tiisdeitemiddei bekend by de iepening fan it nije stúdzjejier. Stenden en NHL wolle dit stúdzjejier brûke om de fúzjeplannen fierder út te wurkjen. Begjin takom jier moatte de plannen klear en goedkard wêze.

De nije hegeskoalle moat tagelyk ynternasjonaal en regionaal wêze. Klaassen fynt dat de regio en it regionale bedriuwslibben mear as no profitearje moatte fan de kennis fan de hegeskoallen. De hegeskoalle is ek ynternasjonaal fanwege it grutte tal ynternasjonale studinten - 80 nasjonaliteiten - en de bûtenlânske festigings yn ûnder oare Súd-Afrika en Yndonezië.

Mei it studintetal by Stenden giet it goed. Klaassen ferwachtet in 'lytse plus', eksakte sifers komme pas oer in pear wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)